Psalm 151 | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | psalm | |
skreaun | <2e iuw f.Kr. | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Psalm 151 | |
publikaasje | 2000, yn De Fleanende Krie | |
útjouwer | KFFB | |
oersetter | Klaas Bruinsma |
Psalm 151 is de namme fan in koarte psalm dy't yn 'e measte eksimplaren fan 'e iere Grykske oersetting fan 'e Bibel, de Septuaginta stie, mar net yn 'e Masoretyske Tekst, noch yn 'e Tenach, de Hebriuwske bibel. Yn 'e Septuaginta is dizze psalm net nûmere, mar titele: "Dizze psalm wurdt taskreaun oan David en is bûten de nûmers. Doe't er Goliat fersloech yn in twagefjocht." Deseldichste psalm stie ek yn in soad eksimplaren fan 'e Peshitta, de iere Syryske bibeloersetting. Hoewol't de Roomsk-Katolike Tsjerke, de ûnderskate protestantske denominaasjes en de measte joadske streamings him foar apokryf hâlde, wurdt er as kanonyk beskôge troch de eastersk-otterdokse en de measte oriïntaalsk-otterdokse tsjerken, mei dêrûnder de Gryksk-Otterdokse Tsjerke, de Russysk-Otterdokse Tsjerke, de Georgysk-Otterdokse Tsjerke, de Syrysk-Otterdokse Tsjerke en de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke. Yn 'e mande mei de Psalmen 152-155 makket Psalm 151 ûnderdiel út fan 'e saneamde Fiif Apokrife Psalmen fan David.